Doe't Nelson Mandela presidint waard fan Súd-Afrika hat er in tekst fan de Amerikaanske Marianne Williamson yn syn ynaugurele rede ferwurke: “Us djipste eangst is net dat wy ûntarikkend binne. Us djipste eangst is dat wy ûneinich machtich binne. It is ús ljocht, net ús tsjusterens, dêr’t wy it alderbenaudste foar binne. Wy freegje ús ôf: wa bin ik dat ik briljant , bûtengewoan oantreklik, talintearre en geweldich wêze soe? Mar wêrom eigentlik net? Do moatst dy net lytser foardwaan as datsto biste sadat de minsken om dy hinne harren fral net ûnwis fiele soene. As wy ús ljocht skine litte, dan jouwe wy oaren ûnbewust tastimming om dat ek te dwaan. As wy befrijd binne fan ús eigen eangst, dan befrijt ús oanwêzigens automatysk oaren”.
|