NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART


 


Gjin Leechsaksen

16-04-2010

Nedersaksysk dielsteatregear leit keunstmjittige Saksyske identiteit oan Friezen op

Friezen wienen nea ûnderdiel fan it Saksysk stamgebiet. Bûten it Fryske wengebiet ûntstie der yn it gebiet fan it hjoeddeiske Nedersaksen yn de 7e ieu in Saksysk wengebiet. Nei de oergong fan de Fryske frijheid nei it greefskip Eastfryslân om 1500 hinne like de selsstannichheid fan East-Fryslân ferwissige. Yn 1744 rekke it greeflike gesach wei omdat der gjin troanopfolger wie foar de greve fan Eastfryslân. De kening fan Prusen, Frederik de Grutte, makke dêr tankber gebrûk fan en tekene de Emdener Konvinsje mei de magistraat fan Emden. Dêrmei kaam der in ein fan de selsstannichheid fan it greeflike Eastfryslân.

De befolking fan East-Fryslân hat de magistraat fan Emden net ûndertekene. De magistraat fan Emden wie nea demokratysk keazen. Troch de ieuwen hinne hat de befolking him altyd Fries fielt. De befolking hâldt altyd it rjocht om te kiezen wêr't se by hearre.

Nei de Twadde Wrâldkriich lei it hjoeddeiske Nedersaksen yn de Britske besettingssône. It wienen de Alliearden dy't in nije bestjoersstruktuer oanbrochten yn West-Dútslân. Yn dy struktuer wie noch plak foar in East-Frysk bestjoerlik elemint, it ''Regierungsbezirk Aurich''. 

Yn 1978 is it Regierungsbezirk Aurich opheft. It Regierungsbezirk omfieme it eardere greeflike Eastfryslân. Oant 2004 wie it Regierungsbezirk ûnderdiel fan de bestjoersienheid (Regierungsbezirk) Weser-Iems. Yn 1981 waard de ''Tag der Nedersachsen'' foar it earst holden. In inisjatyf fan Wilfried Hasselmann (CDU Minister fan Ynlânske Saken yn Nedersaksen), om de Nedersaksyske identiteit te fersterkjen. Syn opfolger Gerhard Glogowski (SPD) die dêr noch in skepke boppe-op. Neffens him wie sels it Dútske leger (Bundeswehr) in ûnderdiel fan de Nedersaksyske identiteit.

It is der dan fansels ek fier by troch as ús ieuwenâlde Fryske waadsee, no de Nedersaksyske Waadsee neamd wurdt. Sa't de titel fan Franz Kurowski syn boek seit binne it; ''Die Friesen - Volk am Meer''. 
Oostfreesk-platt    Wi bünt een heel bült aober wi bünt heel maal kien Nedersassen.
Seelterfräisk         Wi konne fuul weese man wi sunt neen Läichsaksen. 

Wy, Friezen út East-Fryslân, binne fan betinken dat it stelselmjittich oplizzen fan in saneamde identiteit dy't net bestiet, net langer kin. Is it net sa dat alle Friezen út alle Fryslannen al lang erkend binne as nasjonale minderheid? De tiid fan it nasjonaal-sosjalisme, wêryn't minderheden har net frij uterje mochten, leit 65 jier efter ús. Krekt dêrom soe de Dútske steat it goede foarbyld jaan moatte. 

Wy hawwe alfêst it boerd by Nijeskâns/Bunde ferbettere en East-Fryslân foar de Friezen út Nederlân sichtber makke. Wy hoopje fral dat ús bruorren út it Ommelaander Fraislaand dit foarbyld gau oernimme en har befrije fan har opleine Saksyske identiteit. Ek as Fryslân hjoed de dei oer twa steaten ferdield leit, de Fryske gebieten binne foar inoar gjin bûtenlân. Dy ûnderlinge bân moat fan in bysûndere aard wêze.

Dedicated to Edzard Cirksena

 

 

a

a

a