NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART


 


Ynterfryske Dikekaart

septimber 2011
Ynterfryske Dikekaart..... de oanlieding....

Fjouwer jier lyn by ien fan de gearkomsten fan de Auwerkers barde wat nuvers. Under it redekaveljen oer hokfoar projekt wy útwurkje woenen, kaam de Frou fan it Hûs thús fan it winkeljen. Planút tsjoende hja in Nederlânske dikekaart foar it ljocht dy't hja krekt by de Aldi kocht hie foar in pear euro. De Frou fan it Hûs sei: 'Besykje jim mar ris in Ynterfryske dikekaart te meitsjen, dan prate wy wol wer ris.' en mei in gniis op it antlit rûn hja wer fuort. It redekaveljen ferstomme en wy seagen inoar tige ferheard oan, litte wy ús soks no sizze?

Yn it tiidrek fan fjouwer jier hat dit projekt ús de nedige kopsoargen en argewaasje jûn, mar wy woenen de stringen fêsthâlde en gjin belies jaan. Yn septimber 2011 waard de Ynterfryske Dikekaart oerlange oan de Frou fan it Hûs. De rest witte jim.

Wy wolle dan ek eltsenien tank sizze dy't ús holpen hat om dit projekt ta in goed ein te bringen.
(en fansels om ek thús gjin gesichtsferlies te hawwen)

Siwert Reinarda

 

 

De Ynterfryske Dikekaart

De Ynterfryske Gearwurkingskommisje (YGK) fan de Ried fan de Fryske Beweging hat in nije Ynterfryske Dikekaart makke. Alle Fryske lannen fan Alkmaar oant Denemark binne as ien regio ôfbylde.

It is de earste Ynterfryske kaart dy’t de toponimen yn it Westerlauwersk Frysk hat. Allinnich yn Noard-Fryslân en it Sealterlân binne respektivelik de Noard-Fryske en it Sealterfryske toponimen brûkt. Dat betsjut dat de regio West-Fryslân om Hoarne hinne, de stêd Grins mei de Ommelannen, en it grutste part fan East-Fryslân de toponimen allegear yn it Westerlauwersk Frysk hawwe.

In kommisje fan saakkundigen hat gear west om de plaknammen sa goed mooglik yn it hjoeddeiske Westerlauwersk Frysk fêst te stellen. De measte plaknammen krigen dêrmei har âlde betsjutting werom, wêrfan de woartels gauris yn it Aldfrysk leinen. De âlde betsjutting fan de plaknammen is yn de hjoeddeiske Nederlânske en Dútske oersetting faak alhiel weiwurden.

Ynterfryske kartografy is fan alle tiden. Yn de 16e en 17e ieu ferskynden ek al kaarten fan Fryslân tusken Fly (hjoeddeiske Iselmar) en de rivier de Wezer. Yn 2010 ferskynde de lêste Ynterfryske posterkaart. De Ynterfryske dikekaart is yn detail útwurke en lit sjen dat de ferbûnens tusken de ferskillende Fryske lannen nei ieuwen fan frjemde oerhearsking noch hieltyd stân hâldt yn de plaknammen.

Wy hoopje dat de nije kaart bysûnder omtinken krijt en hjirmei in bydrage leverje te kinnen oan de Ynterfryske gearwurking.

It is de earste moderne kaart mei alle plaknammen yn it Frysk en dy’t ek noch yn detail útwurke is.

 

 

 

 

Alde Ynterfryske kaarten

Hjirûnder noch wat âldere Ynterfryske kaarten dy't mei ek as foarbyld tsjinne hawwe foar de nije Ynterfryske Dikekaart.

Ynterfryske kaart út it jier 1568

 

Ynterfryske kaart út it jier 1640

 

Ynterfryske kaart út it jier 1680

 

Ynterfryske kaart út it jier 1811

 

Ynterfryske kaart út it jier 2010

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Opdroegen oan Fokko Ukena