NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART
 

 


Doelstelling

De Groep fan Auwerk is in beweging dy’t stribbet nei in selsstannige dielsteat fan in Nij-Fryslân yn Europa. Troch politike en (dêrtroch) ekonomyske machtskonsintraasje wurde de Fryslannen op dit stuit achtersteld. It giet derom dat de politike macht wer werom nei Fryslân ta komt! Foar de ynwenners fan Westerlauwersk Fryslân, Easterlauwersk Fryslân (de hjoeddeiske ommelannen en de stêd Grins), East-Fryslân en Noard-Fryslân hat de dominante politike, sosjaal-ekonomyske en kulturele oerhearsking út Nederlân en Dútsklân wei lang genôch duorre en nei ús miening wurdt it tiid dat de Fryske regio’s mei-elkoar as in Nij-Fryslân yn Europa har eigen paad kieze. De groep fan Auwerk stribbet dernei om fia in konfederaasje fan de fjouwer Fryslannen, (fia gearwurking ta mear selsbestjoer en folwoeksenheid) nei in selsstannige dielsteat ta te groeien.

In “selsstannige dielsteat” Nij-Fryslân yn Europa moat yn de kommende 25 jier mooglik wêze. In dielsteat, om’t de Europeeske Uny sels hieltyd mear as in politike ienheid sjoen wurdt (de feriene steaten fan Europa), en de yndividuele steaten dêrtroch mear en mear diel-steaten fan Europa wurde. Bygelyks, 70% fan de wetjouwing komt al út ‘Brussel’. Oan de iene kant hat de EU dus mear te sizzen, oan de oare kant sjogge je ek in ûntjouwing nei it Europa fan de Regio’s. De Fryslannen sille, op basis fan in mienskiplike skiednis, kultuer, taal, lânskip en ferlykbere sosjaal-ekonomyske situaasje, ien fan de Europeeske regio’s foarmje kinne, en dêrmei dus as dielsteat in eigen stim yn datselde Europa krije.
Foar in groeiende groep minsken is de minne ekonomyske posysje en it ferwetterjen fan it Fryske kultuergoed in toarn yn it each. Sy binne fan betinken dat de Fryske gebieten tefolle as in wingewest fan ierdgas, sâlt en oalje sjoen wurde, dat der in te grutte braindrain fan jonge minsken is nei plakken bûten Fryslân en dat dêrmei in soad kennis en potinsje ferlern giet. Mear selsbestjoer en úteinlik in selsstannige dielsteat Nij-Fryslân yn Europa sil foar dy Friezen in oplossing betsjutte.
Finansjeel en sosjaal-ekonomysk is in Nij-Fryslân dus better ôf as selsstannige (diel-)steat. De opbringsten fan de boaiemskatten bliuwe yn it eigen gebiet, ynkomsten fan rekreaasje en toerisme komme te’n goede oan de regio sels en de belêstingopbringsten sille ynvestearre wurde yn it befoarderjen fan de wurkgelegenheid fan de Fryslannen sels.

Om dêr efkes op troch te gean: tink allinnich al oan de ynfrastruktuer: de hjoeddeiske ynwenners fan Fryslân en Grinslân betelje miljarden dy’t troch de Nederlânske oerheid brûkt wurdt om yn de rânestêd noch mear wegen en tunnels oan te lizzen, wylst it noarden skandalich oer de holle sjoen wurdt. It wachtsjen op de ferdûbeling fan de Wâldwei is in dúdlik foarbyld. In oar dúdlik foarbyld binne ús ierdgasbaten dy’t yn de bearput fan de Betuweline bedarre binne en Hollânsktalige ûnderwiis projekten bedoelt foar allochtoanen yn de rânestêd dêr’t de Fryske bern net mei út de fuotten kinne. Op dy wize skept de hjoeddeiske Nederlânske steat har eigen efterstanne-gebieten.

Ek meitsje wy ús grutte soargen oer it ûnbeheinde winnen fan sâlt wêrtroch it lân en de huzen fersakje. Ûnder gjin inkelde betinkst gean wy akkoart mei it foarnimmen om yn dy sâltlagen nukleêr ôffal op te slaan; wy litte ús lân net ferkwânselje.
Wy “de groep fan Auwerk” binne bliid oer de positive reaksjes dy’t wy út de mienskip wei en ferskate ynternet foarums krigen hawwe en noch krije. Fierders fiele in soad minsken fan it hjoeddeiske Fryslân har ferbûn mei oare Fryske regio’s, sa as de ommelannen en Stêd, East-Fryslân en Noard-Fryslân.

In gelikense posysje en mear selsbestjoer foar in Nij-Fryslân moat mooglik wêze binnen Europa sûnder bloedferjitten. De foardielen fan in selsstannich Nij-Fryslân binnen sa dúdlik as wat. Belêstingjild komt no terjochte dêr’t it foar bedoeld is, nammentlik de ûntwikkeling fan in Nij-Fryslân ynstee fan earne oars.
Der komt mear omtinken foar it eigene kultuergoed en de taal binnen Nij-Fryslân. De ûntjouwingen yn regio’s as Flaanderen, Kataloanje en Skotlân mei eigen parleminten en regearingen binne ynspirearjende foarbylden foar de Groep fan Auwerk, en litte ús sjen dat ús ideeën net ûnrealistysk binne.

Lyts-Fryslân (Grinzer Ommelannen) leit lang om let net mear yn in úthoeke, en krijt wer nije mooglikheden.

Dielsteat Fryslân mei syn eigen fiergesicht: wetter, bosk, heide, fean, sân en klaai meitsje it lânskip. Histoaryske doarpen en stêden, midsieuske tsjerken, kolossale pleatsen, elegante stedshûzen, en hege terpen meitsje diel út fan it rike kulturele erfgoed.
Oan de kym liket de dyk de ein fan it Fryske lân, mar efter de dyk reizget de boat ôf nei ien fan de Fryske waadeilannen, de pearels fan de waadsee.

De groep fan Auwerk