NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART
 
 


Ferklearring

Ferklearring fan Auwerk, septimber 2003 

1.  De Fryske lannen (Friesland, Fryslân, Freesland, Fryslond) hawwe rjocht op in eigen takomst yn Europa as Dielsteat Fryslân. 

2. It Nije Fryslân as dielsteat hat in grûngebiet, dat rint fan Westerlauwersk Fryslân, Easterlauwersk Fryslân (de hjoeddeiske ommelannen,en stêd), East-Fryslân, Sealterlân, Helgolân, Friesland, oant Ribe en Esbjerg (Noard-Fryslân).

3. De Friezen hawwe, lykas alle folken, rjocht op selsbestjoer. De groep fan Auwerk sil selsbestjoer aktyf stypje, om’t dat it measte rjocht docht oan it prinsipe fan de ferneamde ‘Fryske frijheid’. Dêrmei stribbet de ‘Groep fan Auwerk’ in eigen parlemint nei.

4. Neist selsbestjoer is it ek it doel dat de Friezen safolle mooglik eigen, selsstannige ynstituten krije, om sa oan har miene takomst te bouwen. Foarbylden binne universiteiten, fleanfjilden, radio- en TV-stasjons, …

5. It stribjen is, dat foar it hiele Fryske gebiet in folksliet, flagge, wapen, sportteams en oare Fryske symboalen komme om sa útdrukking te jaan oan it mienskiplike fielen fan de Friezen.

6. De opbringsten út de boaiemskatten en enerzjy dy’t út en yn it nije Fryslân wûn wurde, komme te’n goede oan de Fryske mienskip.

7. Der binne ferskate talen en dialekten yn it nije Fryslân. As mienskiplike sprake foar ynterfryske gearkomsten sil besocht wurde om it Sealterfrysk te brûken, dat foar de Frysktaligen én de Nedersaksyske sprekkers goed nei te kommen is.

8. De groep fan Auwerk giet út fan it federalisme, dat bedoeld is om it bestjoer sa tichtby de minsken te bringen. De besteande haadstêden en regionale ‘parleminten’ dy’t der no binne, lykas yn Ljouwert, Grins, Aurich/Auwerk en Husum bliuwe dêrtroch gewoan funksjoneel. Wol sille der op in sintraal plak yn it Fryske gebiet ministearjes komme foar hiel Fryslân, lykas foar ekonomy, ûnderwiis, lânbou, ensfh.