NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART
 
 


Ynterfryske flagge

16-09-2006

As de Friezen gearkomme, yn noard, east of west, ferskine ek ús ûnderskate flaggen. In moai en ryk ferskaat, boppedat woartele yn in fier ferline. Offisjeel registrearre binne de flaggen fan Westerlauwersk Fryslân en Noard- Fryslân.

By de Groep fan Auwerk kaam yn 2004, op it trijejierliks gearkomst fan alle Friezen yn Helgolân de fraach op: wêrom hawwe wy gjin mienskiplike folks flagge? In flagge dêr’t alle Friezen harren yn weromkenne. Yn it winterskoft fan 2005 op 2006 is yn in stikmannich gearkomsten oer en oan sa'n flagge praat, filosofearre en tekene. Saakkundigen fan de Fryske Rie fan Heraldyk is om goerie frege. En sa is by it Reaklif by de betinking fan de Slach op sneontemiddei, septimber 2006 de nije flagge hyst.

It 'Skandinavyske' type
De nije flagge is fan it Skandinavyske type. It flaggetype fan de lannen om de Noard- en de Eastsee. Genetysk, mar foaral ek kultureel, binne wy mei de folken út it noarden besibbe. De ferhâldings yn de flagge binne ûntliend oan de flaggen fan Noarwegen en Yslân, lannen dy't krekt as Fryslân, âlde demokratyske tradysjes hoedzje. Nederlân en de measte Europeeske lannen hawwe flaggen mei horizontaal of fertikaal trije balken. Dy balken tsjutte op de Yndo-Europeeske trije stannen. De flaggen fan Westerlauwersk Fryslân en de Grinslanner Ommelannen wike it sterkst fan dat type ôf. Mar ek de Skandinavyske en Ingelsk-Skotske en Baskyske flaggen sprekke in oare taal.

De krúsfoarm
De foarm fan it krús ropt de ieuwenâlde bân fan de Fryske folken mei it kristlik leauwe op. De Deenske flagge en de flagge fan Ingelân ferwize nei de krústochten, dêr’t de Friezen ek yn behelle wiene.

Al yn it earste milennium strieden de Friezen foar paus en tsjerke. Hja foarmen de 'Switserske garde' fan dy dagen. De Tsjerke fan Michaël en Magnus yn Rome, it monumint foar Friso yn Bassoues yn Súd-Frankryk ferwize nei dy tiden. (De Basken sjogge yn de horizontale balke fan it wite krús yn harren flagge de tradysje en yn de fertikale balke de spiritualiteit, it geastlik libben.)

Tagelyk is it krús in folle âlder teken. Eartiids wie it krús in sinneteken. De sinne makket oer de ierde - skynber - twa bewegings. Alle dagen op ’en nij de gong fan east nei west en alle jierren de beweging fan súd nei noard en werom. Op troch de Romeinen ôfbylde Keltyske skylden sjocht men al metalen krusen oanjûn. En op de prehistoaryske Sweedske rotstekenings binne de krusen ek as sinnetekens te ynterpretearjen. Troch de fertikale balke nei loftste ferskowen, wurdt de dynamyk fan de krúsfoarm fersterke. It rjochthoekige flak is de ierde. De flagge symbolisearret sa de sinne dy't oer de ierde strielet en ljocht en waarmte jout. Direkt of yndirekt boarnefan de enerzjy dy't ús planeet ta in goed wenplak makket.

Op it tredde plak ferdiele de Yndo-Europeanen romte en tiid yn fjouweren. Al op prehistoaryske tekenings sjocht men in yn fjouwer parten ferdielde rjochthoek as byld fan de ierde. Karel de Grutte fierde de tolftallen fan Mesopotamië yn en Napoleon brocht twa ieuwen ferlyn it desimale stelsel. Mar it âlde fjouwertallich stelsel waard nea fergetten. Offisjeel bleau allinnich de wynroas as fjouwertallich oer. Mar de lju gongen troch mei it beteljen mei ryksdaalders en kwartsjes en wy jubilearje noch mei tolve en in heal en fiifentweintich jier. Wy ferdiele de oeren yn kertieren en ús froulju binne 'trijefearnsjier' swier. It âlde Fryslân wie bestjoerlik ferdield yn fjouwer kertieren. Wy sprekke fan Eastergoa en Westergoa, fan West-Fryslân, West-Friesland, Ostfriesland en Nordfriesland en fan it Suderleech of de Noardeastpolder. En fansels: in kowejaar hat fjouwer oeren en fjouwer fearnen. By dat fjouwertallich tinken past in fjouwertallige flagge.

De kleuren
De kleuren fan de flaggen binne liend fan de ûnderskate Fryske flaggen. De giele kleur fynt men yn de Noardfryske flagge en yn de flagge fan it Sealterlân; yn ús provinsjewapen en yn de flagge fan West-Friesland geane gouden liuwen. Blau sjocht men yn de flaggen fan alle Fryslannen. Wyt yn de flaggen fan Helgolân, West-Fryslân, Westergoa en de Ommelannen. It read fan de pompeblêden yn it Westfryske en it Ommelânske wapen, yn dy fan Eastergoa, Sealterlân, East-Fryslân, Helgolân en Noard-Fryslân.

Goudgiel is de haadkleur fan de flagge. It goud stiet foar de fruchtbere ierde; oerdutsen mei bûterblommen, nôt of koalsied. Om de Fryslannen hinne lizze de diken as 'de goudene hoepen'. Goudgiel is in oantinken oan de Fryske froulju dy't harren eartiids graach mei goud beklaaiden; tagelyk is it in winsk foar in bloeiende takomst.

Yn de fjouwer giele fjilden binne de fjouwer pompeblêden, dy't steane foar de it hjoeddeisk ferskaat oan Fryslannen, West, East, Noard en 'Súd' (Friezen om utens, de Fryske 'ommelannen'). Read stiet foar de macht. De macht is by de Friezen nea yn inkelfâld te finen. Yn de flagge wize se nei elkoar ta om lykweardich gear te wurkjen.

Mei pompeblêden, herten of ‘spanen’ (blokjes) binne de âlde wapens en flaggen fan de Noardlike folken bestruid. Fan oarsprong binne it de koppen fan de spikers dêr’t it lear op de houtene skylden mei fêstnagele waard. De hertsjes of harten wurde ferbûn mei de blêden fan de swanneblommen, de giele plompen of de blêden fan linebeammen. De linebeam stiet as froulike beam neist de manlike ikebeam. Keltyske krigers beskilderen harren liven mei pompeblêdfoarmen. It frouweliif of limoer (uterus) wurdt ek as in pompeblêd tekene. It is in froulik symboal, te ferbinen mei it Aldeuropeeske matriargaat, dat by de Ingweonen (neffens Tacitus de stammen om de Noardsee) altiten grutte ynfloed holden hat.

It blau stiet foar de wetters tusken de ferskillende Fryslannen, de sleatten en fearten ta ôfwettering en ôffreding tusken de greiden en ikkers. Us wurd 'ôffreedzjen' komt fan' frede', respekt foar mines en dines. It wite krús ferbynt it fjouwertal. It wyt fan it sinneljocht dat oer de wetters streamt en skitteret. It wyt fan de frede ek.

De Friezen wiisden agressyf oarlochfieren ôf, mar as hja oanfallen waarden, gou it 'Leaver dea as slaaf'. Yn it ferline binne de Friezen út elkoar skuord om't se by de ferskillende nasjonale steaten hearden. Yn it ramt fan Europa kinne wy no yn frede gearkomme.

Sa symbolisearret dizze flagge de oerâlde Fryske bylden en idealen. Tagelyk ferbyldet er idealen en winsken dy't nei de takomst ta noch neat aan betsjutting ferlern hawwe. Wy hoopje dat de Ynterfryske flagge foar en ta ús folk sprekke sil.

Groep fan Auwerk
Septimber, 2006