NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART


 


Fryske plaknammen

25-09-2009
Wymbrits, meitsje jim wurk dien!

Frysktalige plaknammen binne in wichtich en ûnmisber part fan ús Frysk lânskip, foar ús eigen taal, kultuer en ekonomy. Wittenskipster prof. dr.Tony Feitsma skreau yn 1986 dat minsken de eigen doarpsnamme faker brûke sille as se offisjeel binne en dus op skrift in wichtige funksje krije. Sokke Frysktalige plaknammen binne sadwaande foar it fuortbestean fan dy namme yn de eigen omkriten en ek dêrbûten fan grut belang.

Underskate ûndersiken jouwe oan dat it ‘Frysk-eigene' goed is foar de ekonomy fanwegens in soarte fan 'splendid isolation'-effekt. De Fryske ekonomy is in foarbyld fan in streekekonomy mei in eigen identiteit en dy kin fersterke wurde troch it brûken fan de eigen topografyske nammen. Undersiker Ab van Langevelde hat yn syn proefskrift yn 2001 skreaun dat de Fryske taal in positive ynfloed hawwe kin op de Fryske ekonomy. Lektor International Business te Grins, Frank Jan de Graaf, skreau dat Frysktalige plaknammen ekonomyske kânsen biede. Toeristen krije it gefoel dat sy yn in bysûnder stikje ‘bûtenlân’ komme. De belibbing fan Fryslân as wat bysûnders wurdt dêrtroch fersterke. In toerist wol gjin ienfoarmigens, mar it gefoel hawwe dat er wat unyks meimakket.

Yn de fyftiger jierren hat it ryksregear besletten om mar ien topografyske namme rjochtsjildichheid te jaan. By de ynfiering fan de automatisearre Gemeentlike Basis Administraasje (GBA) binne allinnich ientalige rjochtsjildige plaknammen mooglik. Wylst dûbeltalige plaknammebuorden al sûnt 'e fyftiger jierren troch hast alle Fryske gemeenten brûkt wurde, is it yn 1983 it wetlik mooglik makke om gemeenten it foech te jaan de plaknammen offisjeel yn it Frysk fêst te lizzen. Dat proses wurdt gauris ûnrjochtlik ‘ferfryskjen’ neamd.

Op it mêd fan 'e plaknammen hat it Frysk lytse foarderings makke. Fan 1989 ôf hawwe no 8 fan 'e 31 gemeenten de Frysktalige plaknammen offisjeel yn de Gemeentlike Basis Administraasje fêstlein. De gemeenten Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel yn 1989, Littenseradiel yn 1993, Ferwerderadiel yn 1998, Dantumadiel yn 2007, Ljouwerteradiel yn 2008. Op 20 maaie 2008 hat de Ried fan Wymbritseradiel as sânde gemeente besletten om mei yngong fan 01-01-2009 de Frysktalige plaknammen yn de Gemeentlike Basis Administraasje te brûken. Op 2 april 2009 hat ek de gemeenterie fan Menameradiel besletten om as achtste gemeente mei yngong fan 1 jannewaris 2010 de plaknammen Frysktalich yn de GBA op te nimmen.

Neffens it steatsrjocht hat de gemeente Wymbritseradiel op 1 jannewaris 2009 offisjeel Fryske plaknammen krigen. Nei in telefoantsje oan de gemeente die bliken dat de gemeente Wymbritseradiel net oergongen is ta it útfieren fan de gemeentewet om de plaknammen Frysktalich yn de GBA fêst te lizzen. Dat is nuver. Nei’t de boargemaster syn hantekening ûnder it riedsbeslút fan 20 maaie 2008 setten hie, falt dat beslút net langer allinnich ûnder de gemeentewet, mar ek ûnder it “Europeesk Hânfêst foar streektalen of talen fan minderheden”. It rjocht om fan 1 jannewaris 2009 ôf yn offisjele konteksten Drylts ynstee fan IJlst te skriuwen, waard sadwaande net allinnich takend oan de ynwenners fan Wymbritseradiel, mar troch it Europeesk Hânfêst ek oan alle Friezen.

Yn de gemeentewet stiet in mooglikheid om in beslút foar ferneatiging foar te dragen by de Kroan, nammentlik yn kêst 273. Mar yn de lêste riedsgearkomste foarôfgeand oan 1 jannewaris 2009 is in moasje om it beslút foar ferneatiging foar te dragen, fersmiten. Wie it net boargemaster Reitsma dy’t foar de kamera fan Omrop Fryslân sei: ‘Dit betsjut dat de ried it stânpunt hanthaaft en dat we oergean kinne ta it offisjele Fryske Plaknammen'.

It boarnedokumint dat de ried fan Wymbritseradiel op 16 desimber 2008 fersmiten hat, wie allinnich in administratyf útfieringsdokumint. It hie inkeld ta doel om oanpassings yn de stavering fan de plaknammen fêst te lizzen. It boarnedokumint docht sadwaande neat ôf oan it steatsrjocht en dus oan de plicht om sa gau mooglik de Frysktalige plaknammen yn de GBA te brûken.

No’t dat net dien is, soe de gemeente Wymbritseradiel in ministeriële oanwizing ferwachtsje meie fan de minister fan Ynlânske Saken, mefrou Ter Horst, om de Hollânsktalige ‘gedoochnammen’ yn de Gemeentlike Basisadministraasje fuortdaliks en ferplichte te ferfangen troch de offisjele fêststelde Frysktalige plaknammen, mar ... De Haach komt syn ôfspraken en ferplichtings fakentiden net nei as it om it Frysk giet.

Dan docht wer bliken dat soks in heikerwei is. En dat de befrijing fan de ieuwenlange Hollânske nammekolonisaasje tige te lijen hat fan guon yndoktrinearre ynwenners. Yn maaie is in gemeentewet oannaam yn beslútfoarmjende sin. Dêrtroch is it in steatsrjochtlik beslút. It is fan ûnbehoarlik bestjoer dat se harren eigen tekoartkomming oerlitte (ôfskowe) oan de mooglike nije gemeente mei as wurknamme Súdwest-Fryslân. De steatsrjochtlike erkenning fan it eigene freget suver om in nije ‘kneppelfreed’. Moatte wy de neikommende kear ek op de tribune húsmanje? Wy jouwe no wer in dúdlik sinjaal ôf, troch de plaknambuorden fan de doarpen Nijlân, Skearnegoutum, Dryslt, Heech, Wâlsein en Top&Twel de Hollânkstalige namme op de buorden ûnsichtber te meitsjen. Wy helpe sadwaande Wymbrits mei de útfiering fan syn eigen beslút. Wymbrits, meitsje jim wurk dien!

De gemeente Wymbritseradiel leit foar in part yn it gebiet fan de Wimerts*. Ek wol de Wimmertslannen, as Wimertsgea neamd. De gemeenterie hat besletten om troch weryndieling de eigen gemeente op te heffen en op te gean yn in grutter gehiel mei de gemeenten Wûnseradiel, Bolsward, Nijefurd en Sneek, mei as wurknamme Súdwest Fryslân. Trije fan de fiif gemeenten hawwe in offisjele Fryske gemeentenamme. De provinsje hat yn de brief fan 30 juny oan de steatssekretaris fan ynlânske saken skreaun dat der neffens it Europeesk Hânfêst gjin efterútgong foar it Frysk wêze mei as it om in nije gemeentenamme giet. Dy mooglike nije gemeentenamme kin dus net oars as in Frysktalige namme wêze. Wy sille it nammejouwingsproses kritysk folgje.

Ut namme fan de Frije Fryske Grûn en de Groep fan Auwerk

 

*It Wetterke Wimerts rûn eartiids fan it kleaster fan Starum nei Warkum en leit no foar in part yn de Iselmar. Ek rint it fan Boalsert earst oan Drylts en letter oan Wâldsein ta, opdield yn de Wide en Nauwe Wimerts.

Yn gearwurking mei de jongerein Frije Fryske Grûn. Hjirby wolle wy de FFG tank sizze foar it stypjen fan boppesteande aksje. Sjoch ek: http://www.frijefryskegrun.tk/

 

a

a

a

a

a

a

a

a

a

a

a

a