NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART
 
 

 

 

 

 

Anty nazi helm

03-06-2006

Oprop oan alle Friezen foar boykot Nazi-Helm op WK.

Wout Zijlstra slacht ta yn de geast fan Grutte Pier.

Wy, West-, East- en Noard-Friezen nimme ôfstân fan dizze Wehrmacht-Helm en utering fan minachting foar it ferline.Wy wolle dêrmei dúdlik meitsje dat eltsenien respekt hawwe moatte foar alle folken yn europa en oantoane dat wy dat ek wichtich fine. Sport moat liede ta ferbroedering ynstee fan ferwidering. De Friezen litte yn de ûnderlinge kontakten geregeld sjen dat steatsgrinzen alhiel net fan belang binne om mei elkoar yn de kunde te kommen. As ien folk dat oer twa steaten ferdield is (Dútsklân en Nederlân) wolle wy in gids wêze om oaren sjen te litten dat respekt, dialooch en tolerânsje yn it Europa fan de 21e ieu de takomst hat, ynstee fan haat en wraaksucht.

Hjirmei wolle wy in statement ôfjaan tsjin dizze helmen, dy’t ús tinken docht oan de twadde wrâldkriich. Yn ús eagen is dizze helm kwetsend en provosearjend.

Hjirby dogge we in oprop oan de KNVB, de coach fan it Nederlânske alvetal en de FIFA om hjir dúdlik en iepentlik ôfstân fan te nimmen en dizze helm dan ek te ferbiedzjen op it WK.

By it talitten fan dizze Natie-Helm op it WK fine wy Friezen dat de grinzen foar noarmen en wearden oerrûn binne en “yn de geast fan sport ferbroedert” dogge wy in oprop oan alle Friezen ta in boykot, as tidens de Nederlânske wedstriden dizze natie-helm droegen wurdt.

Dizze boykot kin har uterje troch net mear nei de Nederlânske wedstriden op it WK ta te gean, of de WK útstjoerings fan Nederlânske wedstriden op televysje fuort te zappen.

Ek sil dizze tekst en de stikken sleine Natie-Helm, oanbean wurde oan de Dútske Ambassadeur Dr. E. Duckwitz yn Nederlân; dat wy Friezen as folk ôfstân dogge oan dizze wize fan misledigjen.

Ut namme fan,
* Wout Zijlstra. (Sterkste man fan; Fryslân, Nederlân, Wrâld 3e plak, Highland Games)
* Arno Ulrichs. (Friesisch Forum, Ost-Friesland, www.friesischesforum.de )
* Samantha de Vries (Seelter Buun, Ost-Friesland)
* Ingwer Nommensen  (Friisk Foriining, Nord-Friesland, www.friiske.de )
* Siwert Reinarda (Groep fan Auwerk, West- Fryslân, www.groepfanauwerk.org )

Neiberjocht: Dizze tekst wie al skreaun yn februwaris en wy hoopjen dan ek dat dizze Natie-Helm ferbean wurde soe op it WK, no dat dit net syn rjocht krijt dizze oprop ta in boykot.

Siwert Reinarda: Dit giet ús te mâl!!!