NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART
 
 


FRL kenteken stikker

19-07-2005

De minsken hawwe hjoeddei sa'n protte identiteiten dat de eigene identiteit op ‘e eftergrûn rekke is. Dy wurdt inkeld noch mar belibbe by fuotbalwedstriden of keninklike begraffenissen. De measte minsken soenen har identiteit ûntliene oan de stêd of regio dêr't hja weikomme. It is mei nammen de ûnwissigens, de insecurity, dat der eat kostber ferlern gien is yn de lêste 20, 30 jier. It gefoel fan ferlies fan it eigene en bedriging yn eigen betroude wearden is der opnij in rop nei nije symboalen. In rop nei mienskiptinken en korporative systemen.Men hat langstme nei de tiid dat alles noch wis wie en elts mekoar koe. Troch histoaryske en politike oarsaken hawwe de ynwenners fan dy gebieten de lêste ieuwen in grut part fan har politike en ekonomyske macht ferlern en wurde fan boppen-ôf symboalen en wearden dy't net by dy gebieten hearre oplein. Lykas in pear jier lyn de NL- en DE-kentekenletters op de kentekens. De Groep fan Auwerk is in beweging dy't, yn dizze tiid fan globalisearring en fiergeande ekonomyske en kulturele yntegraasje, fan mining dat de Fryske identiteit net fierder ûndersnije, mar just fierder útdroegen wurde moat, mei namme yn Europa. Dus sekers net werom efter de diken. Troch in stimming yn de Earste Keamer op 30-11-2004 hat Nederlân it Europeesk Kaderferdrach oangeande de Nasjonale Minderheden goedkard. Dêrtroch binne de Friezen no yn Nederlân en Europa erkend as nasjonale minderheid. It ferdrach hat betsjutting foar de minske rjochten lykas it frij brûken fan jins eigen taal, kultuer en identiteit. De Nederlânske Steat ferplichtet him hjirmei om te wurkjen oan it behâld, it earbiedigjen mar ek ‘passende betingsten skept foar fierdere ûntwikkeling en it mooglik te meitsje om de Fryske identiteit as nasjonale minderheid, sa as yn de kaderferdrach oanjûn wurdt, út te drukken'. It sichtber meitsje fan de Fryske identiteit yn Europa, sûnder dat der hieltyd mar wer in griemmank oan âlde spoeken yn behelle wurdt, en sûnder beskuldige te wurden fan morele tekoarten, ‘brune metoaden' en de meast nearzige foarmen fan nasjonalisme, past binnen it Europeesk Kaderferdrach oangeande de Nasjonale Minderheden. Yn neifolging fan de rop om in Fryske oantekening as 'Nasjonaliteit' yn in ID-bewiis, komt de Groep fan Auwerk no mei in serieuze aksje om sjen te litten dat it tiid wurdt om de regio Fryslân ek formeel te erkennen yn it ferkear. Neffens de groep passe de plakkers by it proses fan normalisaasje om Fryslân in lykweardich plak te jaan oan oare regio's yn Europa, lykas Luksemboarch, Ierlân, Slovenië, Kataloanje en Nederlân. Hiel unyk is de aksje net, want ek yn oare naasjes sûnder steat, lykas Baskelân, Kataloanje en Wales ride der al auto's om mei sokke stikkers en de ôfkoarting fan respektivelik E-H, CAT en CYM. In serieuze aksje dus foar “FRL” op it kenteken fan de auto. It sichtber meitsje fan de Fryske identiteit yn it ferkear, sjogge wy as in realistysk stribjen foar fierdere ûntwikkeling fan de Fryske identiteit yn Europa wat past binnen it kaderferdrach oangeande Nasjonale Minderheden. De wetterfêste stikkers dy't wy op de gearkomste ‘50 jier Frysk manifest' sneon 27 augustus yn East-Fryslân en op de betinking fan de Slach by Warns oanbiede as ûnderdiel fan ús mienskiplike identiteit.

Foar Westlauwersk Fryslân en Grinslân:
Der binne in oantal losse ferkeappunten foar de FRL kenteken stikker.

De ferkeappunten:

It Postwinkelstje
Warmoltstrjitte 41
De Harkema
Tel: 0512-361015

Van Balen Cigars
De Lange West 68d
Drachten
0512-518904
http://www.sigarenspeciaalzaakvanbalen.nl/

It Oantinken
Schaapmarktplein 5
8601 CE  Snits
Tel: 0515 422020

MA-AN Fryslân
e-mail: ma-an.frl@wxs.nl
tel. :  0513-648960
It Hearrefean

Feniks praktijk
Van Maasdijkstraat 41
It Hearrefean
Tel: 0513-648300
e-mail: feniks-praktijk@wxs.nl
Hulshoff
Alde dyk 8
9288 XC Koatstertille
Til: 0512-331462
Boek-en kantoorboekhannel Fiso
Haadstrjitte 5
9100 AM Grou
Email: b.boekhandelfriso@chello.nl
Til: 0566-621316
De Readshop
Grutte Breedstrjitte 15
9101 KH Dokkum
Email: H.Herder1@chello.nl
Til: 0519-292490
Expert Meijer
Skoalstrjitte 8
9251 EC Burgum
Til: 0511-464100
It Gysbert Japicxhûs
Wipstrjitte 6
8701 HZ  Boalsert
til: 0515 - 573990
e-mail ynfo@gysbertjapicx.nl