NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART
 
 


De namme Auwerk...

Oer de betsjutting fan de namme Auerk, lykas it yn it plat-Dútsk hjit, hat Gerhard Siebels yn it Emder Jahrbuch fan 1989 in artikel fan 32 siden skreaun. Âldste fermeldingen binne Affrica (1289), buta Awerkera geste Londe (1300), Auwerk (1402), Awerke (1413), Auwerick (1415), Aurik (1419), Auwreke (1424), Auwerck (1426). Neffens Siebels wie it oarspronklik de namme fan in krite, net fan in plak. Auwerk bestiet út twa dielen: in wurd awe, dat ôflaat is fan it Germaanske awjo, dat ‘wetterlân betsjut. ‘Reke’ soe  dan krite, of gebiet betsjutte. De namme Auwerk soe dus neffens Siebels betsjutte: ‘Wetterlân’. It lei omsletten troch it heechfean en it sil der best faken wat wiet west hawwe. De hjoed noch gongbere plat-Dútske foarm hat dus eins hiel moai inkelde âld-Fryske eleminten bewarre, lykas de fermelding fan 1300 (Awerkera) sa aardich sjen lit. De fermelding komt foar yn in rjochtshânskrift, dat noch yn it âld-Frysk oerlevere is, it saneamde Brokmerbrief. Aurich is in foarm, dy’t ûntstien is ûnder ynfloed fan it Heechdútsk.

Tichtby Auwerk stiet de Upstalbeam.