NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART
 
 


Nasjonaliteit

04-03-2005

Pommeranten posityf oer in Fryske Identifikaasje. Fryske identifikaasje op politike aginda!!

Ferslach Rapport Rjocht op in Fryske Identifikaasje

Wolkom en foaropwurd troch GFA
Tige wolkom minsken op dizze jûn, en yn it bysûnder dhr Hindrik ten Hoeve fan de ûnôfhinklik senaatsfraksje(OSF) fan de earste keamer, Frans Kuipers 2e foarsitter fan de Provinsjale Steaten, en Kobus Walsma fan de earste keamer foar it CDA, organisearre troch de Groep fan Auwerk.
De Groep fan Auwerk is in beweging dy't, yn dizze tiid fan fiergeande ekonomyske en kulturele yntegraasje, troch globalisering en de ophannen steane provinsjale skaalfergrutting fan mining dat de Fryske identiteit net fierder ûndersnije moat mar just fierder útdroegen wurde moat. By in mooglik provinsjale skaalfergrutting is in namme lânsdiel "Noordland" in fiktyf begryp, en dy’t net rjocht docht oan ien fan de âldste folksstamme yn Noardwest Europa.
Fanút dit Fryske selsbewustwêzen is foar de Groep fan Auwerk Lânsdiel Fryslân of Landsdeel Friesland as namme by in mooglik provinsjale skaalfergrutting dan ek de iennichste opsje foar de takomst fan lânsdielfoarming yn Nederlân.
Minsken wy sille it dôchs net mei meitsje dat wy aansens de ommelannen binne fan de stêd Grins.

De Tema fan dizze jûn is dus ek: Sichtber
Troch in stimming yn de Earste Keamer op 30-11-2004 hat Nederlân it Europeesk Kaderferdrach oangeande de Nasjonale Minderheden goedkard. Dêrtroch binne de Friezen no yn Nederlân erkend as de ienichste echte nasjonale minderheid. It ferdrach hat betsjutting foar de (minske) rjochten lykas it frij brûken fan jins eigen taal, kultuer en identiteit.

De Steat der Nederlannen ferplichtet him hjirmei om te wurkjen oan it behâld, it earbiedigje mar ek ‘en no komt it’, passende betingsten skept foar fierdere ûntwikkeling en it mooglik te meitsje om de Fryske identiteit as nasjonale minderheid, sa as yn de kaderferdrach oanjûn wurd, út te drukken.

No it folgende!
"Er is sinds januari 2005 een algemene identificatieplicht, waarbij iedereen van 14 jaar en ouder een identificatiebewijs bij zich moet hebben (draagplicht), dat getoond moet worden wanneer politie en andere toezichthouders bij de uitoefening van hun taken daarom vragen.Het kabinet zal te zijner tijd op basis van de resultaten van een evaluatie bezien of deze leeftijdsgrens aanpassing behoeft." Kommentaar: Dat hâldt dus yn dat wy allegear altyd (it is in plicht!) in identifikaasje by ús hawwe moatte.
Us grutste beswier is dat wy no altyd in bewiis by ús hawwe moatte, dêr't ynstiet dat wy de Nederlânske nasjonaliteit hawwe soenen, en dat is net mear sa sûnt de Earste Keamer it Europeesk Kaderferdrach oangeande de Nasjonale Minderheden goedkard hat. Hja erkenne no dat der op niisneamde grûnen sprake is fan in Fryske nasjonaliteit.
Wy binne Friezen, mei in eigen histoarje, flagge, folksliet, sporten, taal en kultuer en mei in eigen gebiet, in eigen naasje, om koart te kriemen. Nasjonaliteit hâldt yn 'de naasje dêr't jo by hearre'. Foar ús, as oprjochte en selsbewuste Friezen, leit de earste loyaliteit by Fryslân, en net by Dútslân of by Nederlân. Wy hearre by en fiele ús ferbûn mei Fryslân, en hawwe dêrom de Fryske nasjonaliteit. Dat jout ús betrouwen en in rjochtfeardiging foar de striid om te pleitsjen foar in 'Fryske identifikaasje'.

Doel!
Dêrom wolle wy dat alle Friezen yn Nederlân, as it giet om de oantekening 'Nasjonaliteit' op in ID-bewiis, dêr 'Frysk' as mooglikheid hawwe moatte. It sichtber meitsje fan in Fryske identiteit op in ID-bewiis, sjogge wie as in realitysk stribjen yn in tiid fan noarmen en wearden.

Gedicht mei as tema Sichtber.

It foardragen fan de trije wichtige fragen oan de polityk troch GFA
De neikomende fragen hawwe wy oanbean oan de Fryske Pommeranten. Der binne no twa erkende nasjonaliteiten binnen de Nederlânske Steat. Wy Friezen hawwe as Nederlânske Steatsboargers de Fryske nasjonaliteit.

Fragen oan de Fryske polityk.
(1) Op basis fan it boppesteande: At wy in identiteitsbewiis wolle soenen, hawwe wy it rjocht op in identiteitsbewiis mei de mooglikheid fan in Fryske nasjonaliteit. Dizze mooglikheid is der lykwols noch net. Wat docht de Fryske polityk foar dyjinge dy’t in Fryske ID-bewiis hawwe wolle as Nederlânske Steatsboarger?

(2) De Steat der Nederlannen wol foar ús no bepale hoe’t wy ús identifisearre moatte soenen. Mar foar wa soenen wy ús hjir yn Fryslân identifisearre moatte? Moatte de Friezen har yn har eigen gebiet ferantwurdzje? No is der dôchs ien wat yn 'e tizen. Yn ús gebiet soenen oare nasjonaliteiten harren ferantwurdzje kinne moatte. In identiteitsbewiis binnen Fryslân is dêrom in absurd idee, salang it net de Friezen sels binne dy't it ynfiere. Wy dogge it fersyk oan de Fryske polityk om eltse boete yn Fryslân net as rjochtmjittich te beskôgjen yn ôfwachting fan in mooglikheid fan in Frysk ID-bewiis.

(3) It toppunt is fansels de kombinaasje fan boppesteande: De Steat der Nederlannen winsket dat wy ús yn Fryslân identifisearje mei de Nederlânske nasjonaliteit. En dat wylst wy troch dyselde "Staat der Nederlanden" ek noch offisjeel erkend binne as dragers fan de Fryske nasjonaliteit. Fraach oan de Fryske polityk: hoe gean jimme om mei dizze stridige wetten?

 

It oanbiede fan it Rapport oan de Polityk (Pommeranten)
Dit rapport is bedoelt as in manier om utering te jaan oan ús winsk foar it sichtber meitsjen fan ús nasjonaliteit yn offisjele dokuminten. Derom biede wy jimme dit rapport mei de trije fragen oan.
 
In gearfetting fan de reaksjes fan de Polityk (Pommeranten)

Hindrik ten Hoeve:
Fraach 1: It idee en de basisgedachte is yn oerienstimming mei it kaderferdrach. Der is in ferskil tusken Steatsboargerskip en Nasjonaliteit. Friezen binne in aparte entiteit en dat mei best toant wurde.
Fraach 2: Dit is lêsten ynfiert ifm de feiligens en dat sil foar de Friezen net oars wêze.

Frans Kuipers:
Fraach 1: Ik kin my yn de wurden fan Hindrik ten Hoeve fyne
Fraach 2: Dit is in tûkelteam
As pleatsferfanger fan Ed Nijpels kin ik tasizze dat ik dit mei nim nei it presidium wer’t de fraksje foarsitters fan alle partijen úteinlik beslisse as dit op de politike aginda komt.

Kobus Walsma:
It measte is al sein, in goed inisjatyf. De Steaten kiest de earste keamer dus it moat earst droegen wurde troch de Profinsje foardat wy yn de earste keamer hjir mei oan de slach kinne.

Ein yn ‘e bek
Wa’t A (erkenning) sein hat moat ek B (sichtber) sizze, want wat is oars dizze erkenning wurdich, in suurtsje watst mei it boartskippen mei nimst?
No Hollan harren hieltiid mear en mear werom lûkt moatte wy no yn de "rijdende trein" dy’t Europa hjit sels de aginda sette want oars sille wy efter de feiten oanrinne en úteinliks einigje as in ommelan.
Hjirby wolle wy fan de Groep fan Auwerk eltsenien tige tank sizze foar de oanwêzigens op dizze jûn.Wy hoopje dat wy ynkoart andert krije op ús fragen.

Om mei in sitaat fan Obe Postma te einigje: Ik bin fan it Fryske lân in bern, gjin lid, dat ek betankje kin. Dat is net oars.

Groep fan Auwerk
www.groepfanauwerk.com