NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART


 
 


1 jier nasjonale erkenning

30-11-2005

30/11/2004 – 30/11/2005 Ien jier Nasjonale erkenning op Fryske postsegel

Yn neifolging fan de rop om in Fryske oantekening as 'Nasjonaliteit' yn in ID-bewiis, en it sukses fan de FRL-kenteken stikkers komt de Groep fan Auwerk no mei in Fryske Postsegel om it heuchlike feit te fiere fan 1 jier nasjonale erkenning.

Yn de moaie dagen foar Kryst en Ald en Nij, wurde alle jierren yn Fryslân noch hieltyd in soad Kryskaarten ferstjoerd. Yn dizze tiid fan fierdergeande ekonomyske yntegraasje yn Europa, dêr’t wy troch de komst fan de euro ús no alle dagen fan bewust binne, komt der tagelyk it ynsjoch dat de minske net sûnder thúsbasis kin. Neffens de groep kin it brûken fan eigen Fryske postsegels op de Krystkaarten it thúsgefoel fersterkje.

De Fryske Postsegel is in útjefte op in inisjatyf fan de Groep fan Auwerk yn gearwurking mei Regio Post Noard-East Fryslân te Kollum. De postsegels binne beskiber by alle ferkeappunten fan Regio Post Noard-East Fryslân. (sjoch ek op side www.regiopost.com foar mear ynformaasje)

De Groep fan Auwerk sil jûns op 30 novimber te Ljouwert yn it provinsjehûs ynsprekke by de gearkomste Boarger en Mienskip ifm it fersyk fan in Fryske oantekening as 'Nasjonaliteit' yn in ID-bewiis. Nei it ynsprekke sil de Groep fan Auwerk de Fryske postsegels presintearje mei it FRL-symboal binnen de stjerren fan de Europeeskse Uny en oanbiede as ûnderdiel fan ús mienskiplike identiteit oan de Fryske Steaten. De groep wol de segels yn in sa grut mooglike oplaach ferspriede yn Fryslân om de ynwenners har gefoel fan Fryske identiteit werom te jaan en minsken bewust te meitsjen fan har Fryske nasjonaliteit.