NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART
 
 


Skiednis

Mear aksjes op kommendewei!

De Groep fan Auwerk is oprjochte yn 2003. It sa stadichoan dramatyske ferlies fan de Fryske identiteit wie in wichtige reden foar de oprjochting. Ieuwenâlde Fryske tradysjes yn ien generaasje ferdwûn. De minsklike mjitte, it respekt foar wat libbet, it wûnder fan it wêzen moat werom. Werom nei de Fryske autentisiteit. De organisaasje hat doe syn stânpunten delskreaun yn in doelstelling en ferklearring. Yn 2005 is de groep begûn mei de earste politike aksje. Hja hawwe de Fryske nasjonaliteit oanfrege by it provinsjehûs yn Ljouwert.  Dêrnei hawwe se aksje fierd troch in FRL-nûmerboerd te meitsjen. Elk nûmerboerd hat in stikje blau mei de Europeeske stjerren. De groep hat dêr de koade FRL ûnder set, krekt as de lânkoades dy't der oars op stean. It wie de bedoeling dat minsken sjen litte kinne dat se Fries binne. Yn itselde jier hat de groep in postsegel meitsje litten foar it 1-jier bestean fan de formele erkenning fan de Friezen as nasjonale minderheid. Doe't in Nederlânske firma foar it wrâldkampioenskip fuotbal 2006 yn Dútslân in Wehrmacht-helm neimakke, hat de Groep fan Auwerk oan Wout Zijlstra frege om de helm stikken te slaan. Op 23 septimber 2006 hat de groep de Ynterfryske Flagge presintearre. Dy flagge kin brûkt as politike flagge foar de Fryslannen yn Europa. Op 22 maaie 2008 hat de groep protestearre tsjin it opheffen fan de provinsje Fryslân, sa't Rita Verdonk en har politike partij TON dat ha woenen. Yn septimber 2008 hat de groep 'Trochgeand ferkear' stikkers makke en dy oer ferkearsbuorden yn de Súdwesthoeke plakt. In jier letter, yn septimber 2009, kaam de groep mei de aksje 'Fryske plaknammen'. By dy aksje holp de groep de gemeente Wymbritseradiel by it útfieren fan syn eigen beslút en plakte de Nederlânske nammen op de plaknambuorden ôf.

Gronologysk oersjoch
04-03-2005: Nasjonaliteit
19-07-2005: FRL kenteken stikker
30-11-2005: Fryske postsegel
16-09-2006: Ynterfryske flagge
03-06-2006: Anty nazi helm
19-05-2008: Tsjin Verdonk
21-09-2008: Trochgeand ferkear
25-09-2009: Fryske plaknammen