NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART


 
 


Trochgeand ferkear

21-09-2008
Ryksoerheid demonisearret it Fryske folk             

De Haach komt syn ôfspraken en ferplichtings oan de Fryske nasjonale minderheid net nei. Ratifisearre bepalings oangeande it Frysktalich ûnderwiis wurde djip yn it ûnderste laad troppe. Nederlân hat him yn 1996 by ferdrach ferplichte om de Fryske taal alle romte te jaan en aktyf te stypjen. In Committee of Experts fan de Ried fan Europa, dat tasjen moat op it neilibjen fan it Hânfêst foar Minderheidstalen, hat no al foar de tredde kear efterinoar konstatearre dat de Ryksoerheid slim tekoart sjit. Rykswettersteat en de Belestingtsjinst negearje it Frysk noch altiten yn harren kommunikaasje. Soks is diskriminearjend, misledigjend en denigrearjend foar it Fryske folk oer en giet alle fatsoensnoarms te bûten.

Al yn 1985 hat de Provinsje Fryslân yn de taalnoata ‘Fan Geunst nei Rjocht’ sein dat lykweardigens en lykberjochtiging oan it Hollânsk wichtige útgongspunten binne foar it provinsjale taalbelied. Yn de nije taalnoata ‘Fan Rjocht nei Praktyk, 2008-2010’ wurde dy pylders ûnder it provinsjale taalbelied ûnfermindere ûnderskreaun. Wy binne no 23 jier fierder en noch altiten leit De Haach dwers.

Tink bygelyks oan it toetse wollen fan Frysktalige pjutten fan trije jier mei Hollânsktalige toetsen. Op ús pjutteboartersplakken is dat soms al de praktyk. Men brûkt dochs ek gjin Dútsktalige toetsen foar Hollânsktalige pjutten? Sa kreëarret men efterstannen dy’t der net binne as de eigen memmetaal normaal ûntwikkele is. Om oer de wantastannen op oare plakken yn it ûnderwiis as it om it Frysk giet, mar te swijen. Of oer it behyplike plak fan it Frysk yn ûnderskate oare maatskiplike domeinen.

Dekonsintrearre rykstsjinsten lykas de Belestingtsjinst en Rykswettersteat hearre yn de kommunikaasje mei de Friezen it Frysk mûnling en skriftlik folweardich syn gerak te jaan. Net mear en net minder. Ek yn de iepenbiere romte moat der troch dy ynstânsjes in ‘trochgeand Frysk ferkear’ realisearre wurde.

Dêrom jouwe wy op dit stuit wer in dúdlik warskôgjend sinjaal ôf en freegje oan deputearre Jannewietske de Vries fan ús eigen Provinsje om alle writen te dwaan om oeral yn Fryslân de buorden mei de tekst ‘Doorgaand verkeer’ ferbetterje te litten yn ‘Trochgeand ferkear’ en dy mei ‘Fietspad’ yn ‘Fytspaad’. Wy hawwe as paadsljochters it goede foarbyld jûn en alfêst inkelde buorden yn guon doarpen yn de Súdwesthoeke oanpast en sadwaande it ‘trochgeand Frysk ferkear’ dêr better sichtber makke. Wa folget?

Wy hawwe as Friezen al lang ús nocht fan it demonisearjende en opkearende Haachske hâlden en dragen. As de steatsnasjonale oerheid dêrmei trochgiet, dan rint soks úteinlik út op in ‘palliative sedaasje’ fan ús folk. Der wurde op it stuit noch sa’n 6.000 talen praat yn de wrâld, mar der skynt om de fjirtjin dagen ien te ferdwinen. Wol it Fryske folk de 21ste ieu as Frysktalich folk oerlibje, dan moat der in fiergeande autonomy foar Fryslân komme. Dat freget om fûle aksje fan ús kant.

Yn de fyftiger jierren fan de foarige ieu hie Kneppelfreed gefolgen foar it belied oangeande de Fryske taal yn ús Provinsje. Wy binne no mear as in heale ieu fierder. Steateleden en deputearren reizgje ûnder oanfiering fan ús nije Kommissaris fan ’e Keninginne Jorritsma op 1 oktober mei de bus nei De Haach ta om it Frysk yn ’e Grûnwet te krijen. Se wolle mei Twadde-Keamerleden prate om foar te kommen dat inkeld de Nederlânske taal yn ’e Grûnwet opnaam wurdt en dêr ek wer it monopoalje kriget. It Frysk yn de Grûnwet is wichtich foar de status fan ús taal en de lykweardigens oan it Nederlânsk. Soe de kommende woansdei de skiednis yngean as ‘Kneppelwoansdei’ en soks positive risseltaten opsmite foar it belied oangeande de Fryske taal yn Nederlân? It is te hoopjen.

Frysk yn de Grûnwet is ien fan needsaaklike maatregels wêrtroch’t wy ús Fryske kultuer en eigenheid yn feilichheid bringe kinne yn in wrâld fan hieltiten tanimmende skaalfergrutting, globalisearring, ferhollânsking en feringelsking.

De útgongspunten fan it Provinsjale taalbelied moatte op syn minst útfierd wurde. Wy moatte úteinlik ta op it Frysk as earste taal yn Fryslân, mei it tastean fan oare talen. En it Frysk moat yn ’e Grûnwet. Ter Horst of gjin Ter Horst!

De skiednis fan suksesfolle folksnasjonale bewegings wiist út dat de striid foar it behâld fan taal en eigenheid begûn is troch lytse, berette ploechjes lju, dy’t net wieken foar it strukturele geweld fan de oerheid. It soe in goed ding wêze as der oer de te hantearjen aksjemetoaden omtrint belied oangeande de Fryske taal in iepenbier debat kaam yn ús Provinsjale Steaten. Metoaden dy’t liede ta aksjes dêr’t manmachtich oan meidien wurdt. En dy’t in mear struktureel as ynsidinteel karakter drage.

Wy roppe de Fryske politisy op om hoek te hâlden en in foars lûd yn De Haach hearre te litten. It soe dochs mooglik wêze moatte om hjoed-de-dei troch dialooch en oerlis alle minderheidstalen talen yn Europa in goed en eigen plak te jaan? Dat de Ryksoerheid it noch altiten slim sitte lit, kin net langer tolerearre wurde.

 

Ut namme fan de Groep fan Auwerk,
Siwert Reinarda