NASJONALITEIT

FRL KENTEKEN STIKKER

FRYSKE POSTSEGEL

YNTERFRYSKE FLAGGE

ANTY NAZI HELM

TSJIN VERDONK

TROCHGEAND FERKEAR

FRYSKE PLAKNAMMEN

GJIN LEECHSAKSEN

YNTERFRYSK WAPEN

PROVINSJES PLUS

YNTERFRYSKE DIKEKAART


 


Ynterfrysk wapen

21-05-2010

Heraldyk kard Ynterfryske flagge (rûn model) fan de Ynterfryske Rie ôf

Yn 2007 hat de Groep fan Auwerk op Helgolân (by de trijejierlikse gearkomste fan alle Friezen)  oan de Ynterfryske Rie frege om in Ynterfryske flagge te ûnwikkeljen dy’t as symboal sprekke kin foar alle Fryslannen en har ynwenners. De Groep fan Auwerk hie al in Ynterfryske flagge (Skandinavyske foarm) ûntwikkelje litten dy't foldocht oan de heraldyske kritearia's, dit ek om de diskusje by de Ynterfryske Rie op gong te bringen. Der wie ien betingst; de flagge moatst in heraldyske fûndearring ha. Doel is om yn de takomst te kommen ta in polityk bestjoerlik akseptabele goedkarde Ynterfryske flagge mei in mienskiplike draachkrêft en dy sprekke kin foar alle Fryslannen.

No dat bliken docht dat de nije flagge fan de Ynterfryske Rie (rûn model) net heraldysk ferantwurde is (sjoch e-mail ûnder) en dêrom gjin politike fûndearring hat, bliuwt de earste Ynterfryskeflagge (skandinavyske foarm) fan de Groep fan Auwerk oerein. Ein maart is dan ek de Fryske Rie foar Heraldyk frege om in wapen te tekenjen dat passend is by de  Ynterfryske flagge (skandinavyske foarm), en dat is slagge. It is it âlde wapen fan Kening Redbad wurden en de Groep fan Auwerk is dêr tige mei ynnommen. Dat wapen is bekend út de âlde kroniken fan de Heraut Beyeren út it jier 1404 en út de âlde kroniken fan Brabân en Gelre.

De Groep fan Auwerk sil no de Ynterfryske flagge (Skandinavyske foarm) en it wapen, beide formeel registrearje litte troch de Fryske Rie foar Heraldyk. As dat dien is, sille de flagge en it wapen oanbean wurde oan de politike fertsjinwurdigers fan alle Fryslannen.

Alde wapen fan 1404 (Heraut Beyeren Hollandse Cronike 1404)

 

 

Untwerp tekene troch de Fryske Rie foar Heraldyk

Wapentekening fan de Fryske Rie foar Heraldyk tekene yn 2010. It Redbadwapen mei de oansjende liuwen út de 15e ieuske kroniken. De spikerkes wêrmei't it lear eartyds op it skyld fêstslein wie, binne as wite stipkes te sjen.

 

 

Digitalisearre ferzje

----- Original Message -----
From: Heraldyk
To: Siwert Reinarda
Sent: Sunday, March 28, 2010 8:50 PM
Subject: FW: Heraldyske goedkar freege foar nije Ynterfryske flagge fan "Interfriesischen Rat"

Achte hear Reinarda,

De Fryske Rie foar Heraldyk hat it folgjende stânpunt ynnommen yn dizze kwestje.

Wy binne net ynnommen mei de kar fan de "Interfriesischen Rat".  Wy kinne dizze flagge dan ek net registrearje dêr't de flagge net foldocht oan de Heraldyske kriteria's.

Wy hawwe lykwols neat te sizzen oer harren kar foar dit ûntwerp. Hja meie dizze flagge brûke at hja dat wolle, mar wy fine it ûntwerp fan de "Interfriesischen Rat” net representatyf foar alle Fryslannen.

Mei fr. Groetnis

Skriuwer fan de Rie

 

----- Original Message -----

From: Heraldyk

To: Siwert Reinarda

Sent: Sunday, January 17, 2010 6:41 AM

Subject: RE: Heraldyske goedkar freege foar nije Ynterfryske flagge fan "Interfriesischen Rat"

Achte Reinarda,

Ik haw jo fraach trochstjoerd nei de oare leden fan de rie mar der is noch net in antwurd op kommen dêr’t jo daliks wat oan hawwe, ik tink dat wy op ús gearkomste fan 6 febr. Der ris oer prate moatte en jo dan witte litte hoe en wat.

Mei fr. Groetnis

Skriuwer fan de Rie

 

 -----Oorspronkelijk bericht-----
Van: Siwert Reinarda

Verzonden: zaterdag 16 januari 2010 1:02
Aan: Heraldyk 

Onderwerp: Heraldyske goedkar freege foar nije Ynterfryske flagge fan "Interfriesischen Rat"

Oan de Ried fan de Heraldyk, 

Yn 2006 hat de Groep fan Auwerk op Helgoland freege oan it "Interfriesischen Rat" om in Ynter Fryske flagge te ûnwikkeljen dy sprekke kin foar alle (âlde) Frieslannen en Friezen. De Groep fan Auwerk hie al in heraldysk goedkarde Ynter Fryske flagge ûntwikkelje litte - dy't neffens ús foldocht oan ûndersteande kritearia's - dit om de diskusje by de Interfriesische Rat op gong te bringen.

Om in maatskiplike polityke draachkrêft te krijen moat in Ynter Fryske flagge neffens ús in heraldyske fundering ha. Doel is om yn de fiere takomst te kommen ta in heraldysk polityke goedkarde Ynter Fryske flagge dy't yn rieele kâns hat mei in maatskiplike draachkrêft.

Ik haw de nijkommende de fraach oan de Ried fan de Heraldyk.

Foldocht de nije Ynter Fryske flagge fan de "Interfriesische Rat" (sjoch taheakke) oan ûndersteande kritearia's, sadat de flagge yn de takomst mooglik yn oanmerking komme kin ta in offisjele Heraldysk Polityke Ynter Fryske flagge foar alle Frieslannen en Friezen. Graach as it kin andert ûnderbouwe.

 

1.      Is de nije Ynter Fryske flagge fan de "Interfriesischen Rat"  heraldysk rjochfeardige? .

2.      Is de nije Ynter Fryske flagge fan de "Interfriesischen Rat"  historysk rjochfeardige?

3.      Is de nije Ynter Fryske flagge fan de "Interfriesischen Rat"  maklik fan ôfstân te werkennen?

4.      Is de nije Ynter Fryske flagge fan de "Interfriesischen Rat"  as in dúdlik symbol maklik troch bern te tekenjen?           

5.      Is de nije Ynter Fryske flagge fan de "Interfriesischen Rat"  maklik te beskriuwen?

Yn ôfwachting fan jim andert,

Mei freonlike groetnis,

Siwert Reinarda